Stazjêr HRM – Start People – Drachten

Start People

Snel naar

Wolsto staazje rinne by it leukste bedriuw fan Drachten? Lês dan gau fierder… Wy sykje in nije stazjêr(e) fan febrewaris 2023 ôf. Dyn dei begjint om healwei njoggenen, do begjinst mei it opstarten fan dyn kompjûter en pakst in lekker kopke kofje as tee. Do giest drekt sjen hokker sollisitaasjes oft binnenkaam binne en besjochst de CV’s. Om njoggen oere nimst, tegearre mei dyn kollega’s, diel oan it moarnsoerlis dêr’t alle wichtige saken yn besprutsen wurde. Jim beprate wêr’t aksje op komme mat, wa’t de aksje útfiere sil en notearje it op de askjelist. Nei it moarsnoerlis giest oan‘e slach mei dyn eigen taken. Dêrneist stypest dyn kollega’s, as it nedich is. As stazjêr(e) bisto in folweardich lid fan it team en kinst folslein meidraaie as yntersedint. Om fiif oere slútst dyn kompjûter ôf en soargest der mei dyn kollega’s foar dat jimme it kantoar netsjes efter litte. De taken dy ‘tsto as stazjêr(e) útfiere kinst:

  • Recruitment;
  • It fieren fan intake-petearen;
  • It matchen fan kandidaten mei fakatueres;
  • Ynwinnen fan referinsjes;
  • Kontakt ûnderhâlde mei kandidaten;
  • Administratieve wurksumheden, lykas it ynboeken fan wurke oeren, gegevens yn de systemen ynfiere, dossierkontrôle;
  • It ôfhanneljen fan e-mail;
  • Behearen fan de social kanalen;
  • It ôfhanneljen fan tillefoanferkear.
  • Wy biede dy in learsume en aardige staazje dêr‘tst de romte en frijheid yn krijst om dysels te ûntwikkeljen. Dêrneist biede wy dy:

  • In staazjefergoeding fan €500 yn‘e moanne;
  • In plak yn in leuk en dynamysk team;
  • Genôch romte en begelieding foar it útfieren fan dyn skoalopdrachten;
  • In hiel gesellich team!
  • Drachten is goed berikber fanút Ljouwert, Snits of Hearrefean. Bist entûsjast wurden? Nim dan gau kontakt mei Jordi op fia 06 33 02 11 65 of

    Do bist in entûsjaste studint dy‘t inisjatyf doart te nimmen. Do kinst goed selsstannich wurkje, mar ek yn teamferbân en do hast in iepen hâlding. Dêrneist:

  • Bisto minimaal 20 wiken, 40 oeren yn’e wike beskikber (fan septimber 2024 ôf);
  • Do bist in MBO 4 of HBO studint;
  • Kinst oarder hâlde en prioriteiten stelle;
  • Stiest iepen foar nije dingen.
  • Lees hier meer

    Deel deze vacature: